Gabe Skroar - Muzikaal lokaasjeteäter


In hiel bysûnder stel, dy Halbertsma’s fan Grou: in djipsinnige dominy, in trochdriuwerige ûndernimmer, in drinkende en dichtsjende dokter en in houtkeapman. De kreupele kleanmakker Gabe Skroar (Freark Smink) hat de hannen deroan fol. Fan de âldelju fan de fjouwer bruorren krige er de opdracht om op har te passen, om se byinoar te hâlden. It is net te dwaan!

Se fleane alle kanten op, al bine gedichten en ferhalen har (no ja, net de keapman, dy docht dêr net oan). Komme de Halbertsma’s byinoar? Witte houlik en feesten harren te ferbinen? Of komt dat (pas) troch driging fan earmoede en dea?

Op in tribune oan it wetter genietsje jo yn it hert fan Fryslân fan dit unike tragikomyske lokaasjeteäter. De spilers en de koarleden spylje om en op it wetter, mei it prachtige Grou as dekôr. In unike toanielûnderfining dy't jo net misse meie!

Spyldata en kaartferkeap

Kaarten foar Gabe Skroar binne te keap by Dierenspeciaalzaak Jan en Japke, Hoofdstraat 40 en Jumbo Grou, Stationsweg 38F. Online kaarten klik hjirûnder.

5 juny 2018 - tiisdei - try-out
6 juny 2018 - woansdei - try-out
7 juny 2018 - tongersdei - première
9 juny 2018 – sneon – regulier
12 juny 2018 – tiisdei – regulier
15 juny 2018 - freed - regulier
16 juny 2018 - sneon - regulier
19 juny 2018 – tiisdei – regulier
20 juny 2018 – woansdei – regulier
22 juny 2018 - freed - regulier
23 juny 2018 - sneon - slotjûn

Makkers & Spilers

Makkers
Gabe Skroar is in moaie produksje wêr’t sawol professionals as amateurs oan ferbûn binne. Ut Grou en dêrbûten!

Spilers
Freark Smink spilet de haafdrol Gabe Skroar. In moaie groep amateur spilers nimme mei inoar de grutte en lytse byrollen foar har rekken. Ek de spilers komme út Grou en omstreken.

It koar
Leden fan it Mingd Koar út Grou foarmje it koar foar Gabe Skroar.

De akteurs en koarleden spylje rûn en op it wetter, mei it skitterjende Grou as dekor.

Hoofdsponsor

Sponsoren


Fondsen